Plannen foar mear sinnepanielen op Fryske bedriuwsdakken

08 mrt 2019 - 17:40

Lokale ûndernimmers út Fryslân, deputearre Michiel Schrier en de Freonen fan Fossylfrij Fryslân hawwe freedtemoarn in yntinsjeferklearring ûndertekene foar mear sinnepanielen op Fryske bedriuwsdakken. Se wolle hjirmei de opwekking fan duorsume enerzjy troch sinnepanielen yn Fryslân stimulearje.

Deputearre Schrier en Focco Dam mei in tal lokale ûndernimmers - Foto: Omrop Fryslân

Om de oanlis fan sinnepanielen te finansieren, kinne ûndernimmers gebrûk meitsje fan de Stimulering Duurzame Energieproductie-subsidie. Dizze maatregel fan it ministearje fan Ekonomyske Saken jout ûndernimmers in fergoeding foar eltse opwekte kWh.

It ûndersteuningsoanbod fan de provinsje en de Freonen fan Fossyl Fryslân út kin ûndernimmers, dy't al mei it idee om sinnepanielen te pleatsen omrûnen, krekt it ekstra setsje jaan om troch te pakken. Sa tinkt Focco Dam, hy sit yn de wurkgroep Fossylfrij MKB en is ien fan de ûndertekeners fan de yntinsjeferklearring. Yn dizze ferklearring stiet dat de oanbelangjende bedriuwen tegearre in oanfraach yntsjinje wolle by it ministearje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)