Opspuitsjen fan sân Heak begûn

02 jul 2012 - 07:45

Oan de súdkant fan Ljouwert, by Werpsterhoeke, is moandeitemoarn betiid in begjin makke mei it opspuitsjen fan sân foar it súdlik part fan de Heak om Ljouwert. Dat is it grutte projekt om de stêd better te ûntsluten.

It sân wurdt oanlevere fia grutte pipen en net mei frachtauto's. Dat skeelt oerlêst foar it ferkear. It folsleine projekt moat ein 2014 klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)