Restaurant Brouwerij Dockum bliuwt foarearst gewoan iepen

08 mrt 2019 - 17:31

It restaurant fan Brouwerij Dockum is noch gewoan iepen. Ek freed wie der noch gewoan in selskip foar de lunch yn kombinaasje mei in 'Kâld Kletske'. Dat it restaurant noch draait is opmerklik, want neffens wethâlder Theo Berends fan Noardeast-Fryslân hat it bedriuw hielendal gjin hoarekafergunning. It bedriuw mei groepen ûntfange en bier priuwe litte, mar gjin restaurant wêze.

Undernimmer René de Heij wol it restaurant sa lang mooglik trochdraaie litte yn it belang fan de meiwurkers. "Ik sta voor mijn medewerkers. Hoe er de laatste weken over de brouwerij gepraat wordt, is voor hen bijzonder pijnlijk." Brouwerij Dockum, yn septimber ferline jier iepene troch boargemaster Waanders fan Dongeradiel, hat fan begjin ôf oan gjin inkeld misferstân bestean litten oer de formule: it giet om in brouwerij, yn kombinaasje mei in priuwerij en in restaurant.

Mar de gemeente Noardeast-Fryslân stiet yn Dokkum allinnich restaurants yn de binnenstêd ta en wol en kin dêr gjin útsûnderingen op meitsje. De brouwerij sit op bedriuweterrein Hogedijken en in restaurant past neffens wethâlder Berends net yn de fergunning dy't de brouwerij hat. It bedriuw krijt dêrom in skriftlike oansizzing fan de gemeente mei in twangsom yn it gefal dat it restaurant iepen bliuwt.

Brouwerij Dockum ûntfangt hast alle dagen groepen foar in slokje en in miel - Foto: Omrop Fryslân

René de Heij fan Brouwerij Dockum

De brouwerij hat noch gjin brief fan de gemeente krigen en kin dêrom lestich wat sizze oer mooglike ferfolchstappen. René de Heij stapt by foarkar net nei de rjochter, mar kin dat op dit stuit ek net útslute. "Het beeld dat wij zomaar wat ondernemen zonder overleg met de gemeente klopt niet. Helaas is de beleving van de afspraken bij hen anders dan bij ons. Meer kan ik momenteel niet over zeggen."

(advertinsje)