Plastic Attack: minsken attindearje op ûnnedich plestik
By de Albert Heijn XL yn Ljouwert is sneontemiddei troch in groep studinten in 'plastic attack' organisearre. De dielnimmers komme om tolve oere middeis byinoar en dogge earst boadskippen yn 'e supermerk.
Plastic Attack: minsken attindearje op ûnnedich plestik
As se dêrnei wer bûten binne, helje se alle ferpakkingen fan de boadskippen. Mei al it sammele plestik ôffal wol de groep oan minsken sjen litte hoefolle ûnnedich plestik der brûkt wurdt. Der binne rûnom yn Nederlân wol earder 'plastic attacks' organisearre, bygelyks in skoftke lyn yn Breda.
Op de aksje waard posityf reagearre. Tsientallen boadskippers lieten har troch de studinten oerhelje om 'ûnnedige plactic ferpakkings' yn te leverjen. Benammen plastic ferpakkings fan komkommers, paprika's, avocado's en oar griente en fruit wurdt troch in soad minsken sjoen as oerstallich.
Manager Sjaak Wagenaar fan Albert Heijn XL koe wol wurdearring opbringe foar de aksje. "Als Albert Heijn onderzoeken we ook of de plastic verpakkingen kunnen beperken, maar een komkommer zonder plastic blijft minder lang mooi dan eentje met plastic." Likegoed wol er besykje om noch dit kalinderjier de plastic ferpakkings fan griente en fruit te beheinen.
De supermerk wurdt de kommende wiken ferboud en op 'e nij ynrjochte. Nei de weriepening wurde it griente en fruit koeler oanbean mei in nije ynstallaasje, wêrtroch it net mear nedich is om eltse komkommer en paprika yn plastic te ferpakken.
Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei Julia Meyer fan Plastic Attack
Inisjatyfnimster Julia Meyer wie goed te sprekken oer de reaksjes fan it winkeljend publyk. Al nei in oere sieten in pear boadskippekarkes grôtfol oerstallich plastic. Ien studint wie wol in kertier dwaande mei it op 'e nij ynpakken fan alle boadskippen; alle nútsjes, pasta's en ryskerrels waarden dêrta kreas op 'e nij ferpakt yn doaskes, potsjes en plasticfrije pûdsjes. Wa't it plastic ynlevere krige fergees in miljeufreonlike boadskippetas mei.
Meyer belibbe in moaie middei yn de supermerk. "Ik denk dat we dit vaker gaan doen, net zolang totdat er minder plastic in de supermarkt ligt." Plastic Attack stribbet nei in supermerk mei as syn minst 40 % minder plastic as no. "Wij willen graag dat iedereen de mogelijkheid heeft om z'n boodschappen te doen zonder plastic verpakkingen", seit Meyer.

Onno Falkena
Onno Falkena folget alles wat der bart yn Fryslân op it mêd fan polityk. Fan gemeente oant provinsje en fan Den Haag oant Europa. Onno is dêrneist ekspert op it mêd fan it Frysk en oare minderheidstalen.