Schulting oer titeldruk: "Ik ben er vrij relaxed over"

08 mrt 2019 - 15:57

Suzanne Schulting sjocht mei in goed gefoel werom op de earste dei fan it wrâldkampioenskip shorttrack. De rydster fan De Tynje behelle op de 500, de 1000 en de 1500 meter sûnder problemen de folgjende ronde.

Schulting nei de earste dei

"Ik heb stabiel en constant gereden en dat is de bedoeling op zo'n dag als vandaag. Ik ben er heel tevreden mee", sei Schulting nei de foarrondes. Dochs sjocht se noch wol dat der wat better kin. "De 500 meter is een puntje van kritiek. Als ik puur kijk naar de opbouw van de rit, dan vind ik dat dat beter kan."

De omstannichheden yn it Bulgaarske Sofia binne dreger as wat de shorttrackers wend binne. "Het ijs is echt heel lastig. Je ziet dat iedereen er heel erg veel moeite mee heeft", fertelt Schulting, dy't har goed fielt en nei eigen sizzen goed omgean kin mei de druk dy't har fan Nederlân út oplein wurdt.

In soad minsken ferwachtsje dat se wrâldkampioen wurdt. Sels tinkt se dat it earder noch wol ekstremer wie: "Ik denk dat het op het EK misschien nog wel een stapje erger was. Ik ben er vrij relaxed onder en voel me goed. Ik ben vol vertrouwen en denk dat ik er wel goed mee om kan gaan."

Rianne de Vries nei earste dei WK

Rianne de Vries oerlibbe de earste dei ek foar in grut part. Op twa fan de trije ôfstânnen behelle se de folgjende ronde, útsein op de 1500 meter. "Ik hie wol in bytsje it idee dat it tredde plak genôch wie. Mar myn tiid wie sa langsum. Dus dan binne je krekt net troch. Ik wie net alert genôch. Dat is wol hiel spitich."

Op de 1000 meter waard De Vries ek tredde, mar dêrop helle se de folgjende ronde wol as ien fan de rapste nûmers trije. Op it lêste momint kaam der noch in Hongaarske by De Vries bûtenom, wêrtroch as se gjin twadde mar tredde waard. "Der moat ik wat better rekken mei hâlde. Ik wie der wat tefolle mei dwaande dat se bûtenom komme soe, mar binnentroch kin fansels ek."

Oer har 500 meter wie De Vries wol bot te sprekken. En dat wylst de omstannichheden yn de Armeec Arena beslist net top binne. "It iis is wol apart. It kreaket in bytsje. It is suver as datst op natueriis rydst. It is net top en hiel seft, mar we kin der wol goed op ride hear."

Itzhak de Laat nei de earste dei WK

"Een beetje teleurgesteld ben ik wel," sa seit Ithzak de Laat. Hy gie op twa ôfstannen troch, mar waard op de 1000 meter útskeakele. Troch syn eigen aksje. "Eerst dacht ik nog dat het kon. Meestal voel ik het goed aan of ik een actie kan maken of niet. Nu zat ik er naast."

De Laat krige in penalty tsjin. "Door het gevoel van de laatste race baal ik nu wel. Maar ik ben door op twee afstanden. En het zware ijs ligt mij wel." Hy hat hege ambysjes foar it wykein. "Een A-finale kan best. Dat zou mooi zijn. En als ik dat haal, kan ik ook de superfinale halen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)