Aksjefierders protestearje by NAM tsjin gaswinning yn Fryslân

Aksjegroepen en politike partijen út it noarden hawwe freed aksjefierd by it haadkantoar fan de NAM yn Assen. Sy binne tsjin de plannen fan gaswinbedriuw Vermilion en de NAM (Nederlandse Aardolie Maatschappij) om gaswinning út te wreidzjen.
Aksje bij NAM
De NAM wol de útwreiding tegearre mei Vermilion útfiere by Rottum, Nij Beets en De Pein. Neffens aksjefierders soarget de gaswinning foar ferskate soarten skea en soargen by minsken dy't yn de buert wenje.
Dêrneist soenen de plannen net passe by de ambysjes om mear yn te setten op skjinne enerzjy. Under de aksjefierders wienen fertsjintwurdigers fan de politike partijen D66, GrienLinks, PvdA en Water Natuurlijk oanwêzich, lykas de aksjegroepen Tsjingas, Laat Fryslân Niet Zakken en GAS Drovf.