Intertoyswinkels yn Drachten en Wolvegea ferdwine

08 mrt 2019 - 14:25

De boartersguodwinkels fan Intertoys yn Drachten, oan de Noorderbuurt en Wolvegea slute definityf de doarren. De oare fjouwer filialen fan Intertoys yn Fryslân sille sa't it no liket in trochstart meitsje. De opheffingsútferkeap set sneon útein yn de winkels dy't tichtgean.

Foto: Google Streetview

Hoe't it komt mei de oare acht boartersguodwinkels yn Fryslân, dy't yn hannen binne fan franchisenimmers, is noch net bekend. Filiaalmanagers út hiel Nederlân wurde freed bypraat oer de krekte gefolgen fan de oername troch it Portugeeske Green Swan.

Fallyt

Twa wiken lyn waard Intertoys fallyt ferklearre. Ynvestearder Green Swan woe sa'n 220 winkels iepen hâlde. Fan de 286 eigen winkels fan Intertoys gean der 91 ticht.

Trefwurden: 
Drachten Wolvegea Intertoys
(Advertinsje)
(Advertinsje)