Goede earste dei op WK shorttrack foar Schulting

08 mrt 2019 - 14:09

De earste dei fan it WK shorttrack yn Sofia, de haadstêd fan Bulgarije, sit derop. Freed stie yn it ramt fan de kwalifikaasjes.

Foto: Orange Pictures

Schulting

De 1500 meter fan Schulting gie eins probleemleas. Se kontrolearre tegearre mei Elise Christie de rit en úteinlik kaam Schulting as earste oer de finish. Ek de 500 meter fan de titelfavorite wie net in soad oan te ferbetterjen. Of it moat wêze dat se har oan de ein ynhelje liet troch in Russyske Efremenkova. De 1000 wie in makje foar Schulting. Se hie mei Christie en Shim in pittige lotting, mar efter har foelen sy en kaam Schulting as earste oer de finish.

Foto: Orange Pictures

De Vries

Foar Rianne de Vries foel it doek op de 1500 meter. Se einige yn har kwartfinale as tredde en dat wie net goed genôch foar in plak yn de heale finale. Op de 500 meter fergie it De Vries better. Dêryn waard se twadde, wêrtroch se sneon de kwartfinales ride mei.

Op de lêste ôfstân, de 1000 meter, trof se it net kwa lotting. De âld-wrâldkampioene Choi en Jaszapati wiene ûnder oaren har tsjinstanners. Lang lei se op it twadde plak, mar se waard ynhelle troch Jaszapati. De twa tiidraplsten gongen troch en dêrtroch pleatste De Vries har dochs noch krekt foar de kwartfinales.

Foto: Orange Pictures

De Laat

De Laat pleatste him op de 1500 meter foar de heale finale. Hy kaam yn de earste kwartfinale yn aksje freedtemoarn en waard dêryn twadde. Dat is genôch foar in plak yn de heale finale, dy't sneon ferriden wurdt.

Op de 500 meter oerlibbe hy ek beide foarronden en pleatst de Ljouwerter him foar de kwartfinale. Allinnich op de 1000 meter waard De Laat útskeakele. Hy krige yn de foarronden in penalty, omdat hy fan syn line ôfgie.

It WK shorttrack giet sneon fierder. Dan wurde medaljes útrikt op de 1500 en 500 meter en binne de heale finales fan de relay. It WK is live te folgjen op Omrop Fryslân radio en fia in liveblog op dizze webside. It toernoai begjint sneon om 13.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)