SC Hearrenfean-trainer Jan Olde Riekerink: "Het is heus niet zo dat we nu hosanna schreeuwen"

08 mrt 2019 - 14:05

Nei twa oerwinningen op rige (Fortuna Sittard en Willem II) makket SC Hearrenfean him op foar de konfrontaasje mei ADO Den Haag. Hearrenfean hat de lêste fiif wedstriden net mear ferlern en is yntusken klommen nei it 9e plak. En dat wylst in pear wiken lyn de degradaasjestreek noch tichteby wie.

Foarbeskôging ADO - Hearrenfean

"We zitten in een goede reeks, maar het is heus niet zo dat we nu hosanna schreeuwen. We moeten wel realistisch zijn", seit trainer Jan Olde Riekerink, "Want tegen Willem II had het ook de andere kant op kunnen vallen."

Dêrmei doelt Olde Riekerink op it feit dat Hearrenfean ferline wike mei 4-2 wûn fan Willem II. De ploech spile in geweldige earste en in beroerde twadde helte.

Olde Riekerink is wach foar ûnderskatting

Hearrenfean hat de lêste jierren net mear ferlern yn Den Haag. De lêste kear dat ADO te sterk wie, wie op 17 febrewaris 2013 (2-1). Dochs is Olde Riekerink wach foar ûnderskatting. "Een uitwedstrijd tegen ADO op kunstgras is geen gemakkelijke wedstrijd. Met El Khayati hebben ze een sleutelspeler in huis die je niet altijd kan uitschakelen. Sheraldo Becker heeft veel snelheid en Tomas Necid is een kopsterke spits. Met Wilfried Kanon en Tom Beugelsdijk hebben ze een fysiek sterk centrum en Troupé is een rechtsback die veel opkomt", sa wit Olde Riekerink de sterke punten fan ADO.

Nei alle gedachten wurdt de opstelling kommende sneon yn Den Haag:

Hahn, Hornkamp, Høegh, Pierie, Woudenberg, Kobayashi, Rienstra, Vlap, Van Bergen, Lammers en Johnsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)