Mear ynbrutsen yn earste twa moannen fan 2019

It tal ynbraken yn Fryslân is yn de earste twa moannen fan 2019 bot tanommen yn fergelyk mei in jier earder. Dat docht bliken út sifers fan it Inboedelverzekering Informatie Centrum, dy't basearre binne op gegevens fan de nasjonale plysje.
In ynbrekker © Shutterstock.com
Yn jannewaris en febrewaris fan dit jier waard der yn Fryslân 251 kear ynbrutsen en dat is mar leafst 63 prosint mear as yn 2018. Doe waard der 154 kear ynbrutsen.
Yn Ljouwert waard der yn dizze perioade 142 kear besocht yn te brekken en dêrmei wurdt der yn Ljouwert it faakst ynbrutsen fan hiel Fryslân.
© Omrop Fryslân
It minste sukses hiene de ynbrekkers yn de gemeente Dantumadiel. Dêr waarden twa meldingen dien fan minsken dy't besochten yn te brekken. Beide kearen mislearre de ynbraak.
Dat is oars yn de gemeente Hearrenfean, Achtkarspelen en Harns. Dêr wiene mei inoar 27 suksesfolle ynbraken. Op de Waadeilannen waard der hielendal net ynbrutsen.
© Omrop Fryslân