De takomst wer in stapke tichterby foar Heech

08 mrt 2019 - 11:41

Heech wol it earste ierdgasfrije doarp fan Fryslân wurde. Dêroer is tongersdei yn it doarp in yntinsjeferklearring ûndertekene. Earder waard al bekend dat der in ûndersyk komt nei it ferwaarmjen fan it doarp mei help fan wetter út de Hegemer Mar. Sûnt tongersdei is de komst fan dat ûndersyk no ek offisjeel in feit.

Fan links nei rjochts: deputearre Schrier, wethâlder Faber, bestjoerslid Berenst, John van der Velden fan Pleatslik Belang Heech en foarsitter Van der Laan fan de enerzjykoöperaasje. - Foto: Gemeente Súdwest Fryslân

Yn 2050 moatte alle hûzen en gebouwen yn Nederlân fan it gas ôf. Wethâlder Erik Faber fan Súdwest Fryslân tinkt dat der in soad leard wurde kin fan wat der no yn Heech bart.

Foar it ûndersyk wurdt sjoen oft de nije wize fan mienskiplik ferwaarmjen wol út kin. Boppedat wurdt de reewilligens fan de Hegemers peilt om hjir oan mei te dwaan.

(advertinsje)
(advertinsje)