Blog: Plysje, La Redoute en sjoernalistetaktyk

01 jul 2012 - 19:28

Fan 'e moarn om njoggen oere de wekker. Of sis mar gewoan in flucht nei Kreta dy't ús wekker makke. We sliepten njonken it fleanfjild fan Luik. Dêr swaaiden we Weening út by de bus en rieden we nei de start. Foar my ek de earste kear dat ik by sa'n start bin. Dizze kear hie ik gjin tagong ta it parsesintrum en it village depart, dus kollega Hoekstra regele efkes wat kofje en in broadsje. Fierder is eins hast alles iepenbier, dus falt it wol wat ta. Lieuwe fytst noch foarby, efkes in praatsje. Hoewol, yn dy trije minuten moat hy wol fiif kear mei ien op de foto. "Ach ja, je wenne der oan. It is wol in gekkehûs hear. Aanst yn Frankryk hielendal, mei al dy lytste strjitten. Dan kinst dyn kont net keare." Ik bin benijd.

De fytsers moasten in rûntsje ride fan hast 200 kilometer. Dêrom, sa tochten wy, pakke we in tuskenrûte nei côl Barague de Fraiture. Mar nee hear, gjin tagong. En dat wylst we dochs echt in blauwe stikker ha. In Ingelske fotograaf woe ek tagong. Net ferwachtsje dat dizze plysje ek mar in wurd Ingelsk praat. En as je al wat Frânske wurden brûke, dan snappe se der noch neat fan.

Dan mar efkes nei La Redoute. Bekende namme? Jep. Ien fan de swierste beklimmingen dy't der is yn de Waalske klassiker Luik-Bastenaken-Luik. Guon stikken fan 25 persint. Unfoarstelber.

Dêrnei troch nei de finish. En de koers folgje. Dat is somtiden bêst noch dreech. Want je moatte in skerm fine en de Frânsktalige kommentator is dreech te folgjen. Om de koers te folgjen, kin je better thússitte.
Nei de etappe ha we praat mei Lieuwe Westra, Michel Cornelisse en Johnny Hoogerland. Foar de finish moat je eins in kar meitsje. By welke bus gean ik stean. Ik keas foar Vacansoleil en hie it gelok dat ik Pieter Weening noch tsjinkaam. Sjoernalistyk sjoen woe ik eins Bauke Mollema ha. Dy kaam ommers as fyfde oan. Dus nei de ynterviews by Vacansoleil gau nei de bus fan de Raboploech sprinte. No ja, foar de insiders, sprinte is net myn sterkste fak. Mar doe't ik dêr oankaam ried de bus al fuort. Se stiene hielendal achteroan en boppedat wiene se hastich. Se woene sa gau as mooglik fuort, omdat Luis Léon Sanchez fallen wie. Ik bin benijd oft hy troch kin.
No ride we troch nei Rock Werchter, nei it festivalterrein dêr. Moarn ride we dan wierskynlik nei Namen. Dêr wolle we dan it parkoers opride. It moat dochs geweldich wêze om as ûnderdiel fan de Tour-karavaan mei te riden en oanmoedige te wurden troch tûzenen minsken. Dan slute we oan by de karavaan en dêr binne we dan net mear út te slaan.

Trefwurden: 
argyf Tour de France
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)