Haaije de Jong: "Syn portret hinget by ús yn de keamer"

08 mrt 2019 - 11:28

Se komme der oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Freed is Haaije de Jong, SGP-listlûker, oan bar.

Haaije de Jong - Foto: SGP

Namme: Haaije de Jong

Leeftiid: 63

Wenplak: Eastersee

Berop: pensjonearre Noardseefisker en eartiids wurksum op de keapfardij

Hobby: fleane, farre, fiskje en lêze

Partij: SGP

Lid sûnt: 18 jannewaris 2019

Besjoch it partijprogramma fan SGP

Sizze we 'jo' of 'do'?

"Ik sil 'jo' sizze, fierder is it oan jo."

Wêrom binne jo listlûker wurden? Wêr kinne jo it ferskil meitsje?

"Ik bin listlûker wurden om't ik my ferbûn fiel mei it SGP gedachtegong en ik eat betsjutte wol foar de SGP en foar Fryslân. Ik kin it ferskil meitsje as it om prinsipiële punten giet."

Wa is jo grutte politike foarbyld? En wêrom?

"Wiillem van Oranje. Hy stie oan de widze fan ús naasje. Syn portret hinget by ús yn de keamer. Ik bewûnderje syn festhâldendheid. Hy ferkeas de striid foar godstsjinstfrijheid boppe it plús en stie foar tolerânsje. Hy wie lykwols ek in man mei gebrekken. Fierders drage alle SGP'ers in Oranje strik, dat past wol by my."

Wat is it earste dat jo feroarje wolle soene as jo partij yn it kolleezje komt?

"In beskieden opstelling past by ús. It sil in kwestje fan ûnderhanneljen wêze."

It sil in kwestje fan ûnderhanneljen wêze.

Haaije de Jong van de SGP

Reagearje op de stelling: De provinsje as bestjoerslaach kin wol ôfskaft wurde.

"Wy hechtsje in soad wearde oan it fuortbestean fan de provinsje Fryslân en dêr heart in bestjoer by. It is in grut foarrjocht dat de boarger de Provinsjale Steaten kieze kin en in berop dwaan kin op de provinsjale folksfertsjintwurdigers. Wy pleitsje foar gemeenten mei de minsklike maat. De provinsje hat in oanfoljende taak by gemeenteoerstiigende saken."

Hoe wol jo partij de Friezen better/mear belûke by de provinsjale polityk?

"Troch sels in bydrage te leverjen oan de Fryske polityk. Miskien is it ynstellen fan in jierlikse Fryslân-dei in idee."

Telefyzjeprogramma's lykas 'Zondag met Lubach' en 'De Wereld Draait Door' gean regelmjittich oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe gean jimme dêr mei om?

"Wy hawwe behoefte om dêr omtinken oan te besteegjen. Wy hawwe de yndruk dat it grutste part fan ús folk de dekadinte filmkes net serieus nimt, om't it nivo fan dy programma's net sa heech is."

Wy hawwe de yndruk dat it grutste part fan ús folk de dekadinte filmkes net serieus nimt, om't it nivo fan dy programma's net sa heech is.

Haaije de Jong fan de SGP

Kinne jo eat oer josels fetelle wat nimmen wit?

"Dreech, hoe kin ik witte dat net ien dat wit?"

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy jo nachts wekker meitsje?

"Foar in rikke iel út de Iselmar"

Wêrom moatte minsken op 20 maart op jo stimme?

"Om't it nei it 100-jierrich bestean tiid wurdt dat it SGP lûd yn Fryslân klinkt. Alle goede saken komme stadich."

Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

(advertinsje)
(advertinsje)