Jarre ynjektearje pakt min út foar greidefûgels

It ynjektearjen fan jarre yn greiden pakt min út foar greidefûgels. En dat hat alles te krijen mei it effekt op de grûn en dêrmei ek op de wjirmen; in wichtige boarne fan fretten foar de fûgels. Dat docht bliken út ûndersyk fan Jeroen Onrust fan de Rijksuniversiteit Groningen.
De reade (Lumbricus rubellus) wjirm. © Rijksuniversiteit Groningen
Yn greiden dêr't jarre ynjektearre is, sitte minder wjirmen as op plakken dêr't rûge dong brûkt is. It ynjektearjen fan jarre is in metoade om dong op it lân te krijen, dy't foarkomme moat dat der tefolle stikstof frij komt. Mar hjirmei wurdt it gers wol iepenskuord. Dêrtroch drûget de seadde út en dêr hâlde de wjirmen net fan. Dy bliuwe djipper yn 'e grûn sitten dêr't greidefûgels net by kinne. In heger wetterpeil helpt dan ek net mear.
Wjirmen groeie minder op jarre
Neffens heechlearaar Theunis Piersma soe in heger wetterpeil dan ek kombinearre wurde moatte mei in oare wize fan dong op it lân bringen of in oar momint wêrop't je dat dogge. Ut earder ûndersyk fan Onrust die al bliken dat wjirmen minder groeie op jarre as op rûge dong.
Der libje twa soarten wjirmen yn de greiden; de reade en de grize wjirmen. Benammen de reade wjirmen binne wichtich foar de greidefûgels.
Heechlearaar Theunis Piersma