Hearrenfean foar eefkes 'Vrouwenveen'

08 mrt 2019 - 11:23

De kombuorden mei 'Heerenveen' by de Oranje Nassauleane del wurde freedtemiddei ferfongen troch buorden mei 'Vrouwenveen.' De symboalyske aksje komt 100 jier nei de ynfiering fan it frouljusstimrjocht. It is in inisjatyf fan de pleatslike D66-fraksje.

Hearrenfean foar eefkes 'Vrouwenveen'

De partij wol op dizze wize stilstean by 'diversiteit' en it belang fan froulju dêryn. De aksje is it startsein fan it omtinken dat de gemeente Hearrenfean dit jier jout oan stimrjocht foar froulju en de lykweardigens fan manlju en froulju.

Op www.vrouwenveen.frl is in frouljuskalinder te sjen mei eveneminten oer dit tema. De gemeentlike strjitnammekommisje is dwaande om nije strjitten faker te ferneamen nei froulju. Yn de wenwyk Skoatterwâld is hjir al in begjin mei makke.

Trefwurden: 
Hearrenfean Vrouwenveen
(Advertinsje)
(Advertinsje)