Tolsma wint Hotze Schuilpartij

01 jul 2012 - 18:24

De Hotze Schuilpartij yn Harns is snein ferrassend wûn troch it partoer fan Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden. Yn de finale wienen se mei 5-4 en 6-4 te sterk foar it favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. De lytse preemje yn Harns wie foar Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle-Jan Anema.

De moarns wie der ek in tradisjoneel earbetoan foar Hotze Schuil silger. It stânbyld fan de suksesfolle Harnzer keatser krige in krâns.

(advertinsje)