Part winkels Intertoys makket trochstart mei nije ynvestearder

08 mrt 2019 - 10:45

In part fan de winkels fan Intertoys, dêr't twa wiken lyn it fallisemint oer útroppen waard, makket in trochstart. De Portugese ynvestearder Green Swan wol sa'n 220 winkels iepen hâlde; om hoefolle boartersguodwinkels dat yn Fryslân giet, wurdt nei alle gedachten sneon bekend.

Foto: ANP

Yn Fryslân giet it yn totaal om fjirtjin winkels, wêrfan't der acht fan franchisenimmers binne. De filiaalmanagers wurde freedtemiddei yn it midden fan it lân bypraat oer de petearen mei de nije ynvestearder.

De fakbûnen reagearje hoeden posityf op de plannen foar in trochstart, wêrtroch't tusken de 1000 en 1500 wurknimmers harren baan behâlde kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)