Amelanners entûsjast oer plannen eigen feartsjinst

08 mrt 2019 - 09:03

Amelanners binne entûsjast oer plannen eigen feartsjinst, dat is de konklúzje fan de Amelander Veerdienst nei twa ynformaasjejûnen. De Stichting Amelander Veerdienst wol yn 2029 in konsesje om de feartsjinst fan en nei it eilân te ûnderhâlden, omdat der grutte soargen binne oer de berikberens fan it eilân.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

Op de earste jûn wie al goed te fernimmen, dat der ûnder de eilanners in soad entûsjasme is. In stimming smiet op dat 80% fan de oanwêzigen soks wol sitten seach. Jurriaan de Vries fan de Amelander Veerdienst is der bliid mei. "Er was bovenverwachting veel belangstelling. Er waren geen negatieve reacties. Dit is de kans om zelf achter het roer te gaan staan en het draagvlak blijkt er te zijn, na deze twee avonden."

Plannen fierder ûntwikkelje

De Amelander Veerdienst makket pas oer tsien jier kâns om de konsesje te krijen, mar der moat ek noch in soad ûndersocht wurde. "We gaan nu verder met het ontwikkelen van de plannen. We moeten allerlei zaken onderzoeken, zoals de structuur van de veerdienst, de juiste rechtsvorm, de mogelijkheden voor de uitgifte van aandelen, zodat eilanders mede aandeelhouder kunnen worden", seit De Vries.

"Wij willen op een democratische wijze onze structuur gestalte geven", seit De Vries. Dêrom sil de stichting nei it seizoen wer in tal ynformaasjejûnen organisearre, dêr't sy ferskate mooglikheden oan de eilanners foarlizze sille. De eilanners kinne dan kieze hokker plan sy it bêste fine.

Jurriaan de Vries fan de Amelander Veerdienst oer de twa ynformaasjejûnen

(Advertinsje)
(Advertinsje)