Kollum: "De poes en de pappegaai"

08 mrt 2019 - 08:17

"Vloeken is aangeleerd! Sokke posters steane lâns de dyk, neffens my by Staphorst yn 'e buert en der stiet ek noch in pappegaai op. Ik fiel my wol oansprutsen as ik dy posters sjoch, want ik flok alles by inoar as it goed giet, of tsjinrint.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Ik kom út in famylje dy't flokt, sis ik mar earlik. Oanleard gedrach, dus. Us pake wurdt yn april 99 en hy flokt ek omraak. Mar wy flokke net om oaren te kwetsen of sa. Wy hawwe net in hekel oan God en Jezus, mar binne ek net mei de bibel grutbrocht dus safolle doel ha ik dêr net oer. Wy flokke 'gewoan', sis mar. Der sit net sa'n djippe lading achter, mar dat it net hiel fatsoenlik is, wit ik ek wol.

By fine minsken besykje ik my yn te hâlden, en dat slagget dan meastal krekt net. Mar it betsjut yn wêzen dochs 'God verdoem mij.' It wurdt sjoen as in flok dy'tst oer dysels útsprekst. Mar guon sizze ek dat ast bygelyks flokst ast dyn lytse tien stompt hast, der mei bedoeld wurdt dat God de pine ferflokke moat en net dysels.

As de bern flokke, dan sis ik der al wat fan. Mar dy sjogge my ris oan en skodholje in kear. 'Dat ha we fan mem,' hear ik gauris dus dat stikje opfieding is mislearre. Flokke fielt foar my net as in flok, mar mear as in krêftterm. It kin echt ferromming jaan yn guon situaasjes. Friezen kinne it ornaris ek better as bygelyks immen mei de sêfte 'g'.

It begjint al mei dy krêftige 'g'. 'GGGot !' Einige mei in rôljende 'r' en dan noch ekstra krêft sette mei de 'd': 'DOMME!' Dit is al mear in útspraak dy't ik brûk as ik my goed sear doch, of as ik in ûngemak ha. En ik flok gauris as ik de kollum opnim en foar de safolste kear oer de wurden stroffelje, mar dy opneamen smyt ik fansels gau fuort.

Dochs binne der perioaden by dat ik tefolle flok en dan moat ik mysels wer efkes strang tasprekke. Ik besef my dat it net sa netsjes is en dat it net hiel froulik is. En it tredde gebod is: 'Misbruik de naam van de Here niet.' Dat is al ien fan de tsien, dus tige wichtich. Omdat ik sels net tsjerksk bin, betsjut net dat ik asosjaal wêze wol.

In wurd dat foar my fierder gjin betsjutting hat as myn ûntefredenheid te uterjen, kin foar in oar in djippe belediging wêze. Krekt sa as bygelyks de wurden 'kanker' en 'hoer'. Ik soe my beledige fiele as immen my in 'kankerhoer' neame soe ek al seit dyjinge dat regelmjittich en bedoelt er der fierder neat mei.

Myn foarige kollum gong û.o. oer it nije Fryske wurd 'flomke'. Ik sil dat net brûke as ferfangwurd foar, litte we it netsjes hâlde, poes. Mar ynienen betocht ik my dat ik yn stee fan g..domme better 'flommedomme' sizze kin! OmmeHomme soe ek kinne, mar sa hjitte myn omke echt en ik wol him net hieltyd oanroppe út it hjirneimels.

'FLOMMEDOMME!' It moat efkes wenne, mar ik hear it mysels wol roppen. En it nije tredde gebod kin dan wol wurde: 'Ien poes lûkt mear as tsien hynders.' De bibel hat it sterke geslacht altyd wat efterhâlden, ha 'k wolris heard mar dat is fansels tige asosjaal en it wurdt tiid dat dêr in ein oan komt.

Op dizze manier slaan we twa miggen yn ien klap en hoecht nimmen him mear beledige te fielen. Probleem oplost, in noflike dei fierder. En mei Timmy giet it super!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)