Lennie op staazje by de provinsje: op ynspeksje mei Nautyske Saken

08 mrt 2019 - 17:07

Op 20 maart binne de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. Dan kinne we stimme foar in nij provinsjaal bestjoer. Foar in soad minsken is it eins net dúdlik wat de provinsje docht. Der is ek net folle streekrjochte kommunikaasje tusken provinsje en boarger. Dêrom rint ferslachjouwer Lennie Bronsveld in wike lang staazje by de provinsje.

Dei 5: De measte minsken tinken by it wurd amtner oan ien dy't altyd op kantoar sit en fan 9 oant 5 wurket. Foar Hilda Dolstra is dat hielendal net sa. Sy wurket by de ôfdieling Nautyske Saken fan de provinsje. Dy binne behearders fan en tafersjochhâlders fan de farwegen yn Fryslân. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld mocht in dei mei op ynspeksje, it wetter op.

Dei 5: op it wetter

(Advertinsje)
(Advertinsje)