Duinen Zathe is it 'leukste uitje' fan Fryslân 2019

08 mrt 2019 - 07:47

It attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea is troch it ANWB útroppen ta it 'leukste uitje' fan Fryslân 2019. De fertsjintwurdigers fan it attraksjepark krigen tongersdeitejûn in gouden award oerlange troch ANWB-haadredakteur Frits van Bruggen.

Foto: Omrop Fryslân

Der binne 63.000 stimmen útbrocht. ANWB-leden koene ûnder oare priis/kwaliteit-ferhâlding, sfear, personiel en fasiliteiten beoardielje. De Naturij yn Drachten einige op it twadde plak en Aqua Zoo yn Ljouwert waard tredde.

Besikers neamden Duinen Zathe oersichtlik en rolstoelfreonlik. Ek hat it park moaie attraksjes en waard de catering wurdearre.

It wie de njoggende kear dat de ANWB dizze ferkiezing hâlde. De Efteling is ferkeazen ta it 'leukste uitje' fan Nederlân 2019.

(Advertinsje)
(Advertinsje)