Wethâlder Berends: "Restaurant sûnder fergunning yn Brouwerij Dockum moat ticht"

08 mrt 2019 - 01:41

Wethâlder Berends kaam mei dy meidieling as antwurd op krityske fragen fan riedslid Johan Talsma fan de ELP. Dy frege al earder omtinken foar it restaurant sûnder fergunning. Nei it nedige ûndersyk by de gemeente en by it bedriuw jout wethâlder Berends Talsma no gelyk; de besteande fergunning fan Brouwerij Dockum biedt gjin romte foar in restaurant.

De gemeente is dêrom útein set mei in hanthaveningstrajekt. It bedriuw is ynformearre en hat no twa wike de tiid om te reagearjen op de oansizzing fan de gemeente.

It yngripen hie fan riedslid Johan Talsma noch wol wat flugger mocht, want it restaurant wie tongersdeitejûn noch gewoan iepen. Ek biedt de website fan it bedriuw noch hieltiten de mooglikheid om in reservearring foar in itentsje te meitsjen. It giet Talsma net om 'ûndernimmerke peste', mar om it prinsipe dat alle ûndernimmers gelyk behannele wurde moatte. De iene tastean wat in oar net mei, dat kin net.

Johan Talsma oan it wurd yn de ried fan Noardeast-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

"We wolle gjin achterkeammerkespolityk en dat saken ferdoezele wurde. Elkenien moat gelikense kânsen hawwe. In hoareka-ûndernimmer dy't wat wol moat gewoan in fergunning oanfreegje", seit Talsma. It riedslid wol der wol oan taheakje dat hy persoanlik neat tsjin Brouwerij Dockum hat. "It is in prachtich gebou, it heakket echt wat ta foar Dokkum, allinnich ik fyn wol dat se gewoan de goeie fergunningen oanfreegje moatte."

"Eten was niet de bedoeling binnen de verleende vergunning", is de konklúzje fan wethâlder Berends. "Het restaurant is strijdig met de verleende vergunning. Wij leggen geen ketting op de deur, maar ze krijgen wel de vooraankondiging van een dwangsom. Over twee weken zullen ze echt moeten sluiten. Duidelijkheid over wat wel en niet kan is belangrijk, dat is uiteindelijk ook in het belang van ondernemers."

Wethâlder Theo Berends fan Noardeast-Fryslân

Riedslid Johan Talsma fan ELP-NEF

(advertinsje)
(advertinsje)