Nei twa jier kriget it molkfabryk yn Wergea wer nij libben

It hat twa jier leech stien, mar it kantoargebou fan it âld molkfabryk yn Wergea hat wer nij libben krigen. It gebou is hielendal omboud ta romten om workshops te jaan, fotoshoots te hâlden of as flexplak te brûken.
Mei oeral planten, grutte lampekapen en felle kleuren is it net mear te werkennen as in kantoargebou. Elk lyts hoekje hat in heech Instagramgehalte krigen.
It is in idee fan trije freondinnen: Lydia Annema, Regina van der Meer en Wendy de Jong. Alle trije binne se fotograaf, Lydia is ek noch stylist. "We binne gewoan fereale wurden op it gebou. It hat safolle potinsje, it hat in ferhaal en it hat in skiednis." Hjirmei hopet it trijetal ek dat der wer mear libben yn it doarp komt.
Sneon is de feestlike iepening fan it âld molkfabryk. Elkenien is wolkom.
Lydia Annema fertelt oer De Fabriek