Brexit hâldt ûndernimmers dwaande: "Ik zou even afwachten wat er gaat gebeuren"

07 mrt 2019 - 22:12

Fryske bedriuwen moatte mear tinke oan it bûtenlân. Dat wie tongersdei it devys op in ûndernimmersmiddei yn Ljouwert. Fryslân rint noch altyd efterop as it giet om eksport. Nettsjinsteande de brexit, kin ek Grut-Brittannië noch altyd in nijsgjirrich lân wêze om yn te ynvestearjen. Al binne dêr de mieningen wol wat oer ferdield.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Anker Stuy Verven út Terwispel hannelet mei lannen as Ruslân, de Baltyske Steaten en Poalen, mar wurket ek in soad yn Ingelân. Dêrom hat it bedriuw no in grut pân kocht yn Petersborough. "We zitten daar al een aantal jaar. De brexit heeft ons doen besluiten dat we daar volledig willen zitten, om onze omzet en klanten veilig te stellen", sa fertelt Emile Stuy fan it bedriuw.

Stuy warskôget ûndernimmers dy't op dit stuit nei Ingelân ta wolle mei harren bedriuw: "Als je daar nog niet actief bent, zou ik nu even wachten om te kijken wat er nu echt besloten wordt. Zodra er een concreet besluit is, dan kun je weer actie ondernemen. De wereld is groter dan Engeland."

Emile Stuy wapenet him tsjin de brexit

Dochs sjocht deputearre Sander de Rouwe dêr wat oars nei. Neffens him is it hiel wichtich dat mear Fryske bedriuwen nei it bûtenlân sjogge as in kâns om te ynvestearjen. Al giet it de lêste jierren better, we sitte yn Fryslân noch altyd ûnder it lanlik gemiddelde foar bedriuwen dy't yn it bûtenlân aktyf binne. Ek mei de driigjende brexit, kin ynvestearje yn Grut-Brittannië noch altyd oantreklik wêze neffens De Rouwe.

"As bedriuwen no tinke dat it te dreech wurdt om saken te dwaan, kin de provinsje ek meitinke. Wy hawwe in spesjale subsydzjeregeling foar ûndernimmers dy't in nij lân ferkenne wolle."

Wol snapt hy de ûnwissigens dy't bedriuwen fiele oer de hieltyd tichterby kommende brexit. "We hearre fan guon bedriuwen dat se noch efkes ôfwachtsje wolle wat der bart. Dat snap ik, mar oan de oare kant kinne je al wol fêst útsykje oft it dyn bedriuw ek rekket."

Deputearre Sander de Rouwe oer it ynvestearjen yn Grut-Brittannië

(advertinsje)
(advertinsje)