FNP fiert aksje foar bettere sportakkommodaasje op De Gordyk

07 mrt 2019 - 21:14

De FNP Opsterlân en Hearrenfean fiere freed foar oanfang fan de kuorbalwedstriid LDODK tsjin PKC-/SWK aksje by it Sportcentrum Kortezwaag op De Gordyk. De partij is fan betinken dat Sportcentrum Kortezwaag no net mear foldocht oan de easken dy't oan in topsportlokaasje steld wurde.

Foto: Street View

Neffens de partij fertsjinnet LDODK in bettere akkommodaasje. De topsportlokaasje moat neffens de FNP sa ynrjochte wurde dat alle sportaktiviteiten op De Gordyk de romte krije yn Sportcentrum Kortezwaag. Alle sport dy't no noch yn de Skâns terjochte kin, soe hjir in nij plakje krije moatte. De besteande sporthal by de Skâns kin dan brûkt wurde as evenemintehal.

Nijbou gjin opsje

Hjirmei stelt de FNP dat de Skâns op it plak bliuwe moat dêr't it no stiet en dat nijbou gjin opsje is. Mei it behâld fan de Skâns bliuwt der in folweardige teäterfoarsjenning op De Gordyk. De renovearre Skâns kin en moat hjirmei de funksje fan in folslein MFA krije.

Moandei nimt de ried fan Opsterlân in beslút oer de fierdere takomst fan sawol Sportcentrum Kortezwaag en de plannen foar in nij MFA op De Gordyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)