GrienLinks en D66 hawwe it it bêste foar mei de Fryske fytser

07 mrt 2019 - 21:01

GrienLinks en D66 hawwe fan alle dielnimmende partijen oan de provinsjale ferkiezingen yn Fryslân de bêste plannen foar de fyts. Dat docht bliken út in ynventarisaasje fan it Fytsersbûn. De beide partijen wurde op de foet folge troch it CDA, de PvdA en de Partij voor de Dieren. Denk en SGP ha eins neat te melden oer de fyts.

Fytspaad - Foto: Shutterstock.com

GrienLinks wol foarrang foar de fytsers en D66 docht konkrete foarstellen foar de oanlis fan snelfytsrûtes. In protte partijen ha it yn harren programma oer de snelfytsrûtes, mar ek oer it ferbetterjen fan de fytsferkearfeiligens en it ynvestearjen yn rekreative fytspaden.

Hoewol't it fytsbelied meastentiids troch de gemeenten makke wurdt, is neffens it Fytsersbûn de provinsje ek belangryk. Fytspaden hâlde net op by de gemeentegrins en de provinsje hat de rezjy op it mêd fan ferkearsfeiligens as in wetlike taak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)