Telefyzjerjochter Frank Visser docht útspraak oer Stienzer breidsjurk

07 mrt 2019 - 20:57

7 septimber wie Erika en Ramon harren grutte dei! Doe troude it stel. Erika kocht har jurk by de breidsmoadesaak yn Stiens. Op de dei sels die se de jurk oan, mar doe die bliken dat de jurk hielendal net sa moai stie. Der mankearre neffens Erika fan alles oan. Meester Frank Visser die woansdei yn it SBS 6-programma Mr. Frank Visser Doet Uitspraak útspraak oer de kwestje.

Breidsjurk

Brigitta Jonker en Trees de Koning fan Bruidsmode Dream Wedding

"Je wil aan de buitenwereld laten zien dat je dag fantastisch is geweest. En niet dat je erbij moet zeggen: 'Let niet op m'n jurk'", fertelt Erika. Neffens har soe har boarstpartij net moai út de farve komme. Frank Visser besleat yn de útstjoering dat it de skuld fan de kûpeuze wie. Dy moat de breidsjurk sels werom betelje. Dêr leit se har by del.

Brigitta Jonker fan Bruidsmde Dream Wedding yn Stiens hat hast hûndert reaksjes krige. Fan it hiele lân út libben minsken mei har mei. Kûpeuze Trees de Koning sil de boete tegearre mei Jonker betelje.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Jonker hat de útstjoering fan Mr. Frank Visser Doet Uitspraak net sjoen, mar De Koning wol. "Ik fûn it net leuk, mar foar de rest wie it net ûnaardich tsjinoer ús. We waarden net hielendal yn in hoekje dreaun", fertelt se.

Jonker is net benaud dat it hiele ferhaal har minder klanten opsmite sil. "Ik hie fan 'e moarn noch in leuke klant. Dy hie it programma wol sjoen en tocht: 'moat ik derhinne?'. Mar se hat in prachtige troujurk útsocht."

Wat sizze minsken op strjitte fan de útstjoering?

(Advertinsje)
(Advertinsje)