Henk de Jong twivelet oer oanbod De Graafschap: "Ik moet kiezen bij welk team ik moet zijn"

07 mrt 2019 - 20:44

Fuotbaltrainer Henk de Jong fan Drachten hat in oanbod krigen fan De Graafschap, mar hy is der noch net wis fan oft er syn kontrakt dêr ferlingje wol. Syn frou is siik, en dat er hieltyd op en del reizgje moat tusken Doetinchem en Drachten falt him swier. De Jong brocht it nijs tongersdei sels nij bûten, fia de sosjale mediakanalen fan De Graafschap, omdat der achter syn rêch om al spekulearre wurdt. En dêr hat net ien wat oan, seit er sels.

Foto: ANP

Henk de Jong oan it wurd

De Jong wurket sûnt ein 2016 by De Graafschap. Earder wie hy trainer by Cambuur yn Ljouwert. "Een aantal sites haalt dingen van forums en proberen die dingen in mijn mond te leggen. Dat wakkert wel iets aan, ook in de club. Ik zal gewoon eerlijk zeggen: mijn vrouw is niet fit. Ik moet goed afwegen en op korte termijn ga ik daar een beslissing over nemen", fertelt De Jong.

"De Graafschap heeft mij een fantastisch aanbod gedaan. Er is warmte over en weer, ik ben stapelgek met de club. Maar dit heeft dus gewoon met een privésituatie te maken, die ik nu openbaar heb gemaakt om dit allemaal voor te zijn. Ik moet kiezen bij welk team ik moet zijn." Dêr bedoelt De Jong net in fuotbalklup mei, mar de kar tusken it 'priveeteam' thús en it wurk.

(advertinsje)
(advertinsje)