Measte dosinten steane yn it Frysk ûnderwiis te fier fan de jongerein ôf

It Frysk op de middelbere skoalle: dêr is fan alles om te dwaan. Dit wykein is der in demonstraasje foar in gruttere rol fan it Frysk op skoallen. Mar oan de oare kant docht út ûndersyk fan Omrop Fryslân en de NOS bliken dat 66 persint fan de jongerein grutsk is op har taal. Yn Fryslân Hjoed lizze wy dat foar oan twa spesjalisten op it mêd fan Frysk foar jongerein: skriuwer en filmmakker Bart Kingma en Anna Marije Bloem, dosint Frysk.
Petear FH Frysk yn it ûnderwiis
Ut in ûndersyk dat Omrop Fryslân yn gearwurking mei de NOS dien hat, docht just bliken dat twa tredde fan de jongerein tusken de 18 en 24 jier oanjout grutsk te wêzen op de taal. Dat is folle mear as de 65-plussers (54%). Mar as der wol ynteresse is foar it Frysk, hoe kin it dan dat it ûnderwiis noch hieltyd net goed genôch is?
"It is spitich dat it der yn it nijs op liket dat de skoallen it net goed dogge. Ik wol graach sizze dat it op in hiel soad skoallen fantastysk giet. Sy binne in geweldich foarbyld fan hoe't it kin op skoallen", seit Bloem.
Neffens Kingma leit him dat oan de ûnderwerpen. "Je kinne krekt dwaan as oft bern net wolle en je der hiel bot oan lûke moatte, mar dat is net sa. Bern wolle wol." Der soene aktuele ûnderwerpen behannele wurde moatte, om tichtby de belibbingswrâld fan jongeren te bliuwen."
Dat is neffens him de manier om Fryske lessen te jaan, mar dat is op dit stuit net it gefal yn Fryslân. De measte leararen steane te fier fan de hjoeddeiske jongerein ôf.

Lês No

Bloem is it hjir net mei iens. Sy fynt dat der yn Fryslân just in hiel soad bart om jongerein oan te sprekken. Bygelyks mei it taalprojekt Lês No foar it fuortset ûnderwiis. Dat is in gearwurking tusken Cedin, Afûk, Bibliotheekservice Fryslân en Omrop Fryslân en se hoopje troch bygelyks in boek oer Grutte Pier of learstof oer it libben fan in famke as flechtling út Syrië jongerein te ynspirearjen.
Frysk yn it ûnderwiis
It nijste projekt om it Frysk te stimulearjen ûnder de jongerein is de flogsearje 'Jennifer to the Max' en in boek oer seksualiteit 'Sex to the Max' dat Bart Kingma skreaun hat. De Youtube-searje giet oer Jennifer de Vries dy't op 'e syk giet nei it echte ferhaal efter de dea fan har buorjonkje Max. Hy stoar op syn skoalreiske yn Berlyn oan in alkoholfergiftiging. En it boek giet oer de perioade foardat Max deagiet. It doel is dat de flogs en it boek klassikaal behannele wurdt.

Boek wegere

Mar omdat yn it boek eksplisite wurden as 'anaalneuken' brûkt wurde, wegerje sawat de helte dosinten Frysk dit boek yn de klasse te behanneljen. Dat fernuveret Bart. Hy fynt dat de befoardering fan de Fryske taal yn de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis blokkearre wurdt troch de dosinten Frysk sels.
Bloem behannelet de flogs en it boek. Se fynt dat Bart in prachtboek skreaun hat, mar dat it fanwegen de seks en benammen eksplisite anale seks troch jonges, net geskikt is foar de earste klassen. Benammen omdat de bern yn dizze leeftiidskategory hjir noch net oan ta binne. It soe mear learstof wêze foar bern yn de tredde klasse.

Meet & Greet

Flogster Jennifer sil ynkoarten in meet & greet hâlde. Se joech oan dat bern dy't delkomme in fergees eksimplaar krije fan it boek 'Sex to the Max'. Mar ek bern dy't gewoan in mailtsje stjoere, kinne it boek opstjoerd krije. Der binne al fyftich bern dy't út eigen beweging in boek oanfrege hawwe.