WK shorttrack yn Sofia begjint hast; wat kin Suzanne Schulting?

07 mrt 2019 - 19:46

Suzanne Schulting is dé grutte favorite foar de wrâldtitel dit wykein. Freed begjint it wrâldkampioenskip yn Sofia, Bulgarije. Schulting is de nûmer ien op de ranking fan alle wrâldbekers dit seizoen, se is Europeesk Kampioen en winneres fan it einklassemint op de 1000 en 1500 meter. It kin net oars: se is dé favorite.

Suzanne Schulting - Foto: www.orange-pictures.nl

"It is dit WK oars as oars", seit sportferslachjouwer Roelof de Vries. "Dit is nammentlik it earste WK dat se de favorite is. Ferline jier waard se olympysk kampioen, mar doe wie se outsider. Eins wie dat in grutte ferrassing. As se no wrâldkampioene wurdt, is dat gjin ferrassing."

De druk is dus in stik grutter. Dochs tinkt Roelof de Vries net dat se dêr lêst fan ha sil. "Oant no ta hat se ûnder dy druk goed prestearre. Op it EK wie se ek de grutte favorite, mar dêr liet se it gewoan sjen. Se hat sjen litten sawol technysk as mentaal top te wêzen."

Konkurrinten

Fansels is it net sa dat Schulting dy oerwinning al yn de pocket hat. Se hat aardich wat konkurrinten. We sette se foar jo op in rychje.

Kim Boutin - Kanada
Wûn op alle ôfstannen in medalje by de Olympyske Spelen fan 2018. Is allround, mar sloech begjin fan dit seizoen oer. Wûn by de lêste wrâldbeker yn Turijn goud op de 1000 meter en liket op tiid yn foarm.

Alyson Charles - Kanada
Is noch mar 20, mar komt hurd. Is net mear as in outsider, mar wûn dit seizoen in 1000 meter en trije poadiumplakken.

Kim Ji-yoo - Súd-Koreä
Op papier de minste fan de Súd-Koreanen, mar ja, komt wol út Súd-Koreä. Waard twadde yn it einklassemint op de 1500 efter Schulting en wûn ien kear op dy ôfstân. Is ek noch mar 19, miskien net foar dit WK al medaljekandidaat, mar wol in outsider.

Choi Min-yeong - Súd-Koreä
Miskien wol de grutste konkurrinte fan Schulting. Waard al wrâldkampioen yn 2015 doe't se noch mar 15 (!) jier wie. Pakte dêrnei noch twa kear de wrâldtitel en twa Olympyske titels. Grutte held fan Súd-Koreä. Dit seizoen krekt as Schulting ien fan de froulju dy't der wol it hiele seizoen alles rydt, mar wûn "mar" twa kear in wrâldbeker. Schulting wûn der seis.

Shim Suk-hee - Súd-Koreä
Gewoanwei tegearre mei Choi de belangrykste konkurrint, mar it sit sêft útdrukt Shim net mei. Hie blessueres, mar slimmer noch, se makke earder dit jier bekend dat se misbrûkt is troch har coach Cho Jae-beom. Dy sit yntusken yn de finzenis. Nei Shim har bekentenis folgen meardere ferklearrings fan Súd-Koreaanske sporters, wêrtroch't it lân no yn de ban is fan meardere misbrûkskandalen.

Sofia Prosvirnova - Ruslân
Waard twadde efter Suzanne Schulting op it EK yn Dordrecht en de Russyske liket dit seizoen stabyl te riden. Ferline jier fjirde op it WK en twadde op de wrâldbeker yn it einklassemint fan de 1000 meter.

Natalia Maliszewska - Poalen
Spesjalist op de 500 meter en dêrmei de konkurrint fan Lara van Ruijven foar in medalje op it sprint ûnderdiel. Mar troch it winnen fan ien ûnderdiel stean je al gau yn de Superfinale. Liket te koart te kommen foar de allroundtitel, mar kin ferrasse.

Elise Christie - Grut-Brittannië
As se goed is, is se hast net te ferslaan. Mar troch blessueres, troch perikels by it Britske bûn en priveeproblemen (relaasje mei Hongaarse shorttracker Sandor Liu gie út) liket se minder goed. Rydt dit seizoen pas op it EK har earste wedstriid en pakte brûns. As se har efterstân ynhelle hat, moat Schulting har absolút yn de gaten hâlde.

Fierder
Fierder moatte we sjen nei Ekaterina Efremenkova (Ruslân, jong, mar stabyl), Li Jinyu (Sina, noch mar 18, grut talint dat der samar ynienen stean kin), Martina Valcepina (Italië, spesjalist 500 meter) en Courtney Lee Sarault (Kanadees talint).

Rianne de Vries
En wat kin Rianne de Vries? Se kin út de fuotten op alle ôfstannen en wol graach. Hat in soad tsjinslaggen hân, mar krijt no yndividueel einlik de kâns op in WK, omdat se oantoanber better is as Yara van Kerkhof dit seizoen. As se krekt as by de wrâldbekers in soad finales helje kin, kin se ek samar ferrasse.

Foarbeskôging op it WK Shorttrack mei Roelof de Vries

Seis Friezen

Der binne seis Friezen dy't meidogge oan it WK. By de froulju binne dat Suzanne Schulting en Rianne de Vries. Beide dogge mei oan it yndividuele toernoai. By de manlju mei Itzhak de Laat yndividueel meidwaan. Daan Breeuwsma, Dennis Visser en Jasper Brunsmann meie allinnich meidwaan op de relay.

Programma

Freed binne de foarrondes. Sneon wurde medaljes ferdield op de 1500 en 500 meter en binne de heale finales fan de relay. Snein folgje de finales op de 1000 meter en de Superfinale. De Superfinale telt allinnich mei foar it klassemint en dêr wurde gjin wrâldtitels fuortjûn. It toernoai wurdt snein ôfsletten mei de finales fan de relay.

Skema

It WK set dus freed útein. Dan binne de earste rondes op de 500, 1000 en 1500 meter. Sneon wurde de medaljes ferdield op de 500 en 1500 meter en dan binne ek de heale finalen op de ôflossing. Snein wurdt de 1000 meter riden, folge troch de superfinale. It WK einiget sneintemiddei mei de finalen op de ôflossing.

Freed

9.00 - 15.30 oere: kwalifikaasje 500, 1000 en 1500 meter

Sneon

13.02 oere: heale finale 1500 meter froulju
13.19 oere: heale finale 1500 meter manlju
13.51 oere: finale 1500 meter froulju
14.05 oere: finale 1500 meter manlju
14.34 oere: kwartfinale 500 meter froulju
14.49 oere: kwartfinale 500 meter manlju
15.18 oere: heale finale 500 meter froulju
15.26 oere: heale finale 500 meter manlju
15.49 oere: finale 500 meter froulju
15.59 oere: finale 500 meter manlju
16.24 oere: heale finale ôflossing froulju
16.39 oere: heale finale ôflossing manlju

Snein

13.02 oere: kwartfinale 1000 meter froulju
13.19 oere: kwartfinale 1000 meter manlju
13.51 oere: heale finale 1000 meter froulju
14.00 oere: heale finale 1000 meter manlju
14.24 oere: finale 1000 meter froulju
14.36 oere: finale 1000 meter manlju
15.00 oere: superfinale 3000 meter froulju
15.09 oere: superfinale 3000 meter manlju
15.34 oere: finale ôflossing froulju
15.43 oere: finale ôflossing manlju

It wrâldkampioenskip shorttrack is de Wedstriid fan de Wike by Omrop Fryslân. Fan freed ôf is it WK live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio en op ynternet yn in liveblog. Ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber binne derby yn Sofia.

(advertinsje)
(advertinsje)