Tûzenen skriezen oan it 'opfetsjen' yn de Ryptsjerksterpolder

07 mrt 2019 - 18:20

Yn de Ryptsjerksterpolder binne begjin dizze wike mar leafst 2.300 skriezen teld. It is om dizze tiid hinne hiel gebrûklik dat de fûgels noch yn grutte oantallen by inoar sitte, mar op dit plak wurde it der elk jier mear.

Skries - Foto: Henk Bootsma

De skries is in greidefûgel dy't oer it algemien just letter yn de maitiid briedt en foardat er nei de lange reis fan it suden út wer sa fier is, moat de fûgel opfetsje.

"Ofrûne tiisdei hiene we 2.300 hjir foar ús sitten. We stean oan de râne fan de Ryptsjerksterpolder. Dat is in âld stikje boezemgerslân dat eartiids altyd ûnder wetter strûpte. It is in plak dêr't in hiel soad skriezen en oare steltrinners fan de trek komme om op te fetsjen. De lêste jierren giet dat hartstikke bêst", fertelt Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea.

Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea

En dat fretten wol it bêste op plakken mei in hege wetterstân. It Fryske Gea besiket mei boeren en mei help fan de provinsje de briedgebieten yn de omjouwing fan de Ryptsjerksterpolder sa geskikt mooglik te meitsjen om sa in grut part fan de skriezen sa fier te krijen dat sy dêr in plakje sykje. En dat wurket ek, sa docht bliken út de aktuele briedgegevens. "Wy besykje de omstannichheden sa te meitsjen dat de bisten dy't hjir komme in moai briedplakje hawwe."

Jongsma merkt dat plakken dy't ûnder wetter setten wurde in magneetfunksje hawwe foar oare fûgels. "As je dat goed regelje, hat dat in fantastyske oansûgjende wurking op oare briedfûgels."

(Advertinsje)
(Advertinsje)