Rubryk Fries Film Archief: it ferhaal efter kameraman Dick Kool

As kameraman foar de AVRO reizge Dick Kool fan de jierren 70 ôf de hiele wrâld oer. Hy wie derby doe't de Russen yn 1968 Tsjecho-Slowakije oernamen en doe't de oarloch oer Fjetnam raasde. Nei alle aksje gie hy tweintich jier letter mei pensjoen op Skiermûntseach, mar dêr hâldt er net op mei filmjen. It leveret it Fries Film Archief in soad films op fan it eilân en dêrom stiet dizze moanne Dick Kool sintraal yn ús filmrubryk.
PETEAR FH Rubryk Frysk Film Argyf
Kool wie de iennige kameraman dy't yn de jierren '70 in fêst kontrakt krige by de AVRO. Op dat stuit wiene der allinnich mar freelance kameraminsken dy't wurken foar it bedriuw. Mei troch it kontrakt koene se Dick ek altyd fine foar opdrachten. "Hij was nog niet thuis of hij ging alweer", fertelt syn frou Lina Kool. Se moete Dick doe't se noch mar 14 jier wie.
Doe't Dick yn de jierren 90 mei pensjoen gie, ferhuzen nei Skier. Hy filme dêr alles en waard dêrtroch in bekend persoan op it eilân. "Mensen vonden het interessant om zijn verhalen te horen."

Trije wike fermist

Ien fan dy ferhalen spile him ôf yn Praag. "Hij is daar een keer drie weken lang vermist geweest. In die tijd had je hele slechte communicatie. Hij was in Praag tijdens de Praagse lente in 1968 toen de Russen Tsjecho-Slowakije invielen. Hij was daar met een verslaggever en cameraman, die kwamen wel de grens over. Maar Dick niet."
Sa is it kaam dat hy trije wike lang gjin kontakt krige, mar him drok meitsje? Nee hear! Dat typearret Dick ek wol in bytsje. Hy rekke net gau yn panyk. Neffens Lina kaam dat troch syn jeugd. "Hij is in Indonesië geboren en heeft in een jappenkamp gezeten met zijn moeder. Zij was zo'n sterke vrouw en had altijd de instelling: we maken er wel wat van. Dat heeft Dick zeker gevormd."
Ik heb ook nooit echt over hem in gezeten. Hij redde zich wel.
Lina Kool
In oar foarbyld dat him typearret, wie it momint dat syn hotel yn de brân stie. Alle oare kollegasjoernalisten stiene yn de pyama bûten, mar Dick hie de tiid naam om him om te klaaien en syn spul te pakken. "Ik heb ook nooit echt over hem in gezeten. Hij redde zich wel."
Neist de feiligens fertroude Lina him ek folslein as it gie om de froulju. "Hij ging op pad met de mooiste dames. zelfs ook met koningin Juliana negen weken lang. Daar ben ik nooit jaloers op geweest. We vertrouwden elkaar. Ik vertrouwde hem in dat het goed zou komen."
© Omrop Fryslân

Bern

Neist syn drokke libben hie Dick dochs wol in bernewinsk. Mar ek dat gie net op de gewoane wize. Fia syn wurk yn Fjetnam trof er de frou fan de ambassadeur dy't in adopsjeprojekt hie. Lina sei har wurk op as doktersassistinte en in pear moanne letter kaam harren earste dochter Esther mei it fleantúch oan yn Nederlân. Mar it famke wie slim siik. "Ik was echter verpleegster. Daarom heb ik voor haar gezorgd, zowat een jaar lang in het ziekenhuis. Op die manier ben ik toch een soort van zwanger geweest en heb ik veel tijd met haar gehad."
Fjouwer jier letter adoptearren se noch in berntsje ut Bangladesh: Eva. Wylst Lina thús bleau om foar beide famkes te soargjen gie Dick gewoan wer fierder mei syn drokke wurklibben. "Voor de kinderen heb ik alles opgezegd. Ik wil niet zeggen dat Dirk mij vervolgens heeft opgezadeld met de kinderen, maar ik stond er wel alleen voor het grootste gedeelte van de tijd."
© Omrop Fryslân
Yn 2013 is Dick ferstoarn, en Lina mist him noch alle dagen. "Het is soms ook confronterend om zijn films terug te zien. Ik denk veel aan hem. Met de storm laatst op het eiland bijvoorbeeld ook. Ik denk dan steeds: dit had hij geweldig gevonden om te filmen."
No't Dick der net mear is fynt Lina it ek dreech om har eigen identiteit te finen op it eilân. Se docht der dêrom alles oan om by de mienskip te hearren. Alle aktiviteiten: se is derby. Sa besiket se dochs wat foar harsels op te bouwen.

Fries Film Archief

It Fries Film Archief hat op it stuit sa'n 13.000 films en fideo's yn de kolleksje. Allegear materiaal dat yn Fryslân filme is of in relaasje mei Fryslân hat. De kolleksje fan it filmargyf is de ôfrûne jierren groeid omdat it argyf dielnimt oan it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfgoed. Sa krige it argyf de middels om nije kolleksjes te sammeljen en te argivearjen en in grut part dêrfan te digitalisearjen en foar it publyk tagonklik te meitsjen.