Deputearre Kramer optimistysk oer takomst fan lânbou yn Fryslân

Deputearre Johannes Kramer is optimistysk oer de takomst fan de lânbou yn Fryslân en de omskeakeling nei duorsum buorkjen. Neffens him is der hieltyd mear sprake fan in omslach yn it tinken fan de boeren en sit der skot yn de útfiering fan de lânbouaginda fan de provinsje.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De provinsje rjochtet har yn de perioade fan 2017 oant 2025 op de oergong nei in oan de grûn bûne en natuerynklusive sektor. Folle duorsumer dus. "Je sjogge dat minsken rûnom yn Nederlân dwaande binne mei bioferskaat. In hiel soad boeren wolle graach ferduorsumje, 80 persint. Dy sykje nei mooglikheden", leit deputearre Johannes Kramer út.
"In hiel soad minsken hawwe der kennis fan; boeren, mar ek skoallen, ûndersyksynstituten, miljeufederaasjes. Fia de Lânbouaginda komme dy allegear by elkoar. Sy ûntwikkelje allegear projekten om dy transysje fan de lânbou mooglik te meitsjen."
Deputearre Johannes Kramer oer de lânbouaginda
De provinsje subsidiearret de plannen net folslein, mar partisipearret wol. "We hawwe 3,5 miljoen krige fan de Steaten om hjirmei oan de slach te gean. Dêr kinne je fansels net de totale transysje fan de lânbou mei finansierje, mar der binne ek oare jildstreamen fansels. Dêrmei hoopje wy it provinsjale jild te fermearderjen."
Kramer spruts tongersdei op in sympoasium oer de takomst fan de lânbou yn Muntsjesyl. Kramer is net benaud dat de lânbouaginda fêstrint as syn partij, de FNP, nei de steateferkiezings yn maart net werom komme soe yn de Steaten. "Dit plan is oannaam troch alle partijen yn de koälysje. Dus dêr sit ik net oer yn."