Jan Bos twadde yn Peize

01 jul 2012 - 17:50

Hurdfytser Jan Bos fan Bontebok is yn Peize snein twadde wurden op de startdei fan de Seis dagen Noordenveld-Westerkwartier. De oerwinning gong nei Elmar Reinders út Emmen. Rudy Vriend út Schagen kaam as tredde oer de streek.

Yn Peize stienen der op de startdei 40 rûntsjes fan 2 kilometer op it programma. Fuort nei de start ûntstie der in kopgroep fan 18 man, mei ûnder oare de top trije en ek Andries Weening fan De Harkema, Pieter Postma fan Tsjerkgaast en Harry Sweering fan Snits. Moandei is de twadde etappe yn Nieuw Roden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)