Ald-skoalgebou Bogerman yn Wommels wurdt tydlike wenlokaasje

07 mrt 2019 - 17:30

It eardere skoalgebou fan it CSG Bogerman yn Wommels sil tydlik bewenne wurde. Dat makke anty-kraakorganisaasje CareX Fryslân bekend. CareX wol sa'n acht minsken ûnderbringe yn it karakteristike pân.

Foto: Omrop Fryslan, Wytse Vellinga

It Bogerman yn Wommels hat yn augustus fan dit jier definityf de doarren ticht dien. Benammen om't der net genôch nije learlingen nei de lytse doarpsskoalle kamen. It grutte gebou yn it sintrum fan it doarp kaam hjirnei leech te stean.

CareX soarget foar ûnderdak foar minsken dy't bygelyks troch in skieding driuwend op syk binne nei wenromte. Ek kinne oare minsken dy't in wenning nedich hawwe ûnderdak krije yn it Bogermangebou. De takomstige bewenners hawwe elk in eigen romte om te wenjen, mar de keuken, dûs en it toilet moatte dield wurde.

Salang't der noch gjin nije bestimming foar it pân is, soarget CareX foar de tydlike ynfolling. It doarp sels is dwaande om tastimming te krijen om it gebou om te bouwen en út te wreidzjen foar jongereinwenten. Doarpsbelang Wommels hat in plan ûntwikkele, dat derfoar soargje moat dat de jongerein langer yn it doarp wenjen bliuwe kinne.

Trefwurden: 
Wommels Bogerman wenjen Carex
(advertinsje)