100.000 besikers foar Princessehof sûnt 2017

07 mrt 2019 - 17:03

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat tongersdei de 100.000ste besiker ûntfongen, sûnt de weriepening fan it museum yn desimber 2017. Neffens it Princessehof komt dat ûnder mear fanwegen de nije foarmjouwing en de populêre tentoanstellingen In Motion: Ceramic Reflections in Contemporary Art en Made in Holland: 400 jaar wereldmerk.

Foto: Ruben van Vliet

De 100.000ste besiker tongersdei wie frou De Vos út Zwanenburg. Sy krige fan direkteur Kris Callens in blomke en de tentoanstellingskatalogus fan Made in Holland.

Foar de ferbouwing fan it Princessehof, yn 2016, luts it museum noch 39.000 besikers. Foar it keramykmuseum wie benammen 2018 in topjier; yn totaal kamen der sa'n 60.000 besikers nei it Princessehof yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)