Sagan wint, Mollema fyfde

01 jul 2012 - 17:44

De Slowaak Peter Sagan hat snein de earste etappe fan de Tour de France wûn. De rit gie fan Luik nei Seraing oer in ôfstân fan 198 kilometer. Sagan naaide yn de 2,5 kilometer lange slotklim út yn it selskip fan Fabian Cancellera en de Noar Boasson Hagen.

Yn de einsprint berchop wie Sagan giele trui drager Cancellara te fluch ôf. Boasson Hagen waard tredde. Bauke Mollema waard fyfde, Robert Gesink sânde, Pieter Weening 40e, Lieuwe Westra 51e. Fabian Cancellara hâldt de giele trui. It wie foar Sagan al de 14e oerwinning fan it seizoen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)