Asylsikerssintrum Balk op syn betiidst yn maaie iepen

It asylsikerssintrum yn Balk kin net earder as ein maaie iepen. It Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) hie langer de tiid nedich om de papieren op oarder te bringen. It kolleezje fan b&w fan De Fryske Marren hat de plannen no goedkard, mar omdat ek de gemeenteried der noch in beslút oer nimme moat en de plannen ek noch op ynsjen lizze moatte, duorret it yn alle gefallen twa moannen foardat dat allegear klear is.
© Omrop Fryslân
It COA woe eins mei yngong fan 1 april al wer iepen, mar dat sit der dus net yn. It sintrum hie offisjeel noch gjin fergunning, om't der in ferkearde proseduere folge wie. No't it kolleezje ynstimd hat mei it ferlienen fan de fergunning, moat de gemeenteried der noch wol oer te set.