"Cambuur moat mei lef spylje tsjin RKC Waalwijk"

"Cambuur moet met lef en vertrouwen spelen."Dat sei trainer René Hake tongersdei nei de lêste training. Dat betrouwen komt der as der punten helle wurde neffens de trainer.
"Cambuur moat mei lef spylje tsjin RKC Waalwijk"
"Het is punten sprokkelen. Dat is nu belangrijk", sa fertelt Hake. "Dat geeft vertrouwen en dan kun je je verder ontwikkelen. Een overwinning zou wel heel lekker zijn, want winnen is het beste medicijn." Cambuur spilet út tsjin RKC Waalwijk en dat is in konkurrint yn de striid foar it heljen fan in plakje yn de play offs.
RKC Waalwijk hat fjouwer punten mear as Cambuur en by in oerwinning fan de Ljouwerters soe de oansluting by de grutte groep klups dy't stride foar in play-offs plak in feit wêze. "Er is veel concurrentie. Wij moeten nu inhalen. Zo simpel is het. Het is de kunst hier uit te komen en daar hebben we vertrouwen in", sa sei Hake.
Kevin van Kippersluis

Sikeboech rint leech

De trainer sjocht wol mooglikheden tsjin de Waalwijkers. "Voorin hebben ze veel individuele kwaliteit. Daar zit veel gevaar in. Maar ze laten ook veel ruimtes en omschakeling is niet het sterkste punt. Ik denk dat wij wel goed kunnen voetballen tegen RKC Waalwijk."
Hake sjocht de sikeboech stadichoan wer leechrinnen. Matthew Steenvoorden en Robert Koesveld slute takom wike wer oan by de seleksje. Issa Kallon is safier noch net en ek Kevin Schindler en Jordy van Deelen binne noch blessearre. Kevin van Kippersluis heakket wol wer oan by de seleksje. "Ik ben weer fit en heb de hele week meegetraind. Ik had graag in de basis willen beginnen, maar de trainer heeft anders besloten".
Van Kippersluis begjint freed op de bank. René Hake feroaret neat oan de opstelling en dat betsjut dat deselde alve spilers begjinne sille as yn de wedstriid fan ferline wike tsjin TOP Oss.