Keepster SC Hearrenfean set fanwegen blessuere punt efter karriêre

07 mrt 2019 - 14:31

Keepster Robbin Huisman fan de froulju fan Sportklup Hearrenfean set fuortendaliks in punt efter har profesjonele fuotbalkarriêre. De keepster hat al lange tiid lêst fan in teanblessuere, nettsjinsteande ferskate operaasjes.

Foto: Orange Pictures

Huisman fynt it spitich dat der op dizze wize in ein komt oan har karriêre. "Ik vind het heel erg om per direct Heerenveen te verlaten en te moeten stoppen met voetballen op het hoogste niveau. Wanneer ik doorga met profvoetbal, zal ik mijn voet alleen maar meer beschadigen. Ik ga nu alle tijd nemen om deze klap te verwerken en mijn focus zal blijven liggen op een zo goed mogelijk herstel."

De keepster kaam ôfrûne simmer oer fan DVS '33 út Ermelo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)