HEA! Gesellichheid mei robotkatten
In meganysk húsdier klinkt miskien wat ôfstanlik, mar yn soarchynstelling Stellinghaven yn Easterwâlde binne de bisten al hielendal ynboargere. De robotkatten en -hûnen hawwe altyd in goed sin, en se binne in oanknopingspunt foar in praatsje. De aaibere bisten jouwe de meastal deminte bewenners treast, ûntspanning en wille.
HEA! Robotkat

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.