Spesjaal skealoket fan Rykswettersteat foar kontenerramp

07 mrt 2019 - 12:51

Twa moanne nei de kontenerramp mei de MSC Zoe hat Rykswettersteat no in spesjaal skealoket iepensteld. Oerheden en organisaasjes foar natuerbehear wurde freed troch Rykswettersteat ynformearre oer dit loket, wêrby't se skea as gefolch fan de kontenerramp melde en yntsjinsje kinne.

Foto: Kustwacht Nederland

Neffens Rykswettersteat is it skealoket nedich om't oerheden en natuerorganisaasjes, lykas Steatsboskbehear, stipe nedich hawwe by de ferskate claims dy't se yntsjinje wolle. De minister hat al frij gau nei de kontenerramp oanjûn dat Rykswettersteat dizze taak koördinearje soe.

Dat it goed twa moanne duorre hat foar't dit skealoket der kaam is, hat neffens Rykswettersteat benammen te krijen mei de kompleksiteit fan de saak. Yn de earste dagen en wiken nei de ramp lei de fokus benammen op it bergjen en opromjen fan it guod dat út de konteners fallen wie. Dêrnei komt pas de diskusje oer de kosten op gong. En dy diskusje is neffens Rykswettersteat net samar klear, want in simpel bontsje opstjoere is net genôch om jild werom te krijen.

Noch gjin plan klear

Nei't de skeaclaims yntsjinne binne, sil Rykswettersteat se ynventarisearje en sjen hoe't it fierdere proses derút sjen sil. Want it is net sa dat der al in folslein plan klear leit om de skeaclaims suksesfol troch te stjoeren nei de fersekerder as de eigener fan de MSC Zoe. Mooglik wurde der skeaprotokollen opsteld, mar dat sil yn gearwurking dien wurde mei de fersekerder, en dy moat oanjaan wat der nedich is foar in suksesfolle claim.

Edwin de Feijter fan Rykswettersteat

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)