Matthijs Sikkes-van den Berg: "Minsken earder by it proses belûke"

Se komme der oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Tongersdei is Matthijs Sikkes-van den Berg, GrienLinks Fryslân-listlûker, oan bar.
Matthijs Sikkes - van den Berg © GroenLinks
Namme: Matthijs Sikkes-van den Berg
Leeftiid: 31 jier
Wenplak: Sint-Nyk
Berop: ortopedagooch
Hobby: toaniel spylje
Partij: GrienLinks
Lid sûnt: 2008
Besjoch it partijprogramma fan GrienLinks Fryslân.
Matthijs, sizze wy do of jo?
"Do"
Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?
"Foar my is dat Femke Halsema, omdat sy altyd helder wit te kommunisearjen. En ek dúdlik wit te meitsjen wêr't sy en ús partij foar stean."
Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?
"Dan sille we echt stappen sette as it giet om de enerzjytransysje en de lânboutransysje."
Dan sille we echt stappe sette as it giet om de enerzjytransysje en de lânboutransysje.​​​​​
Matthijs Sikkes-van den Berg fan GrienLinks Fryslân
Wat fynsto fan de stelling: 'De Provinsje kin as bestjoerslaach wol ôfskaft wurde' ?
"Dêr bin ik it net mei iens. Al hielendal yn Fryslân is ús provinsje in stik fan ús identiteit. Dêrneist is it goed dat der foar hiel Fryslân oerkoepeljende fyzjes en plannen makke wurde. Op dy wize kinne wy it it bêste dwaan foar ús natuer en omjouwing."
Hoe wol dyn partij de Friezen better/mear belûke by de provinsjale polityk?
"GrienLinks fynt it wichtich dat minsken earder by it proses belutsen wurde. Op dit stuit is it faak sa dat ynwenners allinnich mar reagearje meie op wat der al leit yn stee fan dat se sels meitinke meie. Dêrom sis ik altyd 'lit ynwenners net reagearje, mar ynspirearje'. Lit harren oan it begjin mei ús en amtners meitinke. Soargje foar draachflak en soargje derfoar dat minsken echt heard wurde yn stee fan dat we allinnich lústerje."
Telefyzjeprogramma's lykas 'Zondag met Lubach' en 'De wereld draait door' geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?
"Wy ha der noch net mei te krijen hân. Ik fyn wol dat partijen harren politisy soms wat better beskermje kinne foardat alles op ynternet set wurdt."
Wy wolle ús natuer beskermje en útwreidzje. Sjen nei oplossingen hoe't we omgean kinne mei de feroaringen dy't op ús ôfkomme, net as bedriging, mar as kâns.
Matthijs Sikkes-van den Berg fan GrienLinks Fryslân
Kinst ús wat oer dysels fertelle dat net ien wit?
"Wat net ien wit, is wol lestich. Ik bin in reedlik iepen boek, mar wat de measten net witte is dat ik folslein ûntspan as ik sjonge kin. Mei hurde muzyk oan. Dêrneist bin ik gek fan mearkes, fantasyferhalen en films. Lykas Harry Potter. Hiel spitich dat allinnich it earste diel oerset is yn it Frysk."
Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy nachts wekker meitsje?
"Sipelsop en snert (sels makke)."
Wêrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?
"Omdat GrienLinks in partij is mei fyzje. Wy wolle ús natuer beskermje en útwreidzje. Sjen nei oplossingen hoe't we omgean kinne mei de feroaringen dy't op ús ôfkomme, net as bedriging, mar as kâns. Wy wolle der tegearre mei ús ynwenners in moaie takomst fan meitsje, foar ús, foar ús bern en ús pake- en beppesizzers. It is tiid foar feroaring, stim dêrom op 20 maart op GrienLinks."
Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.