Sijbrandij wint yn Doanjum
It partoer fan Nynke Sijbrandij, Maaike Osinga en Wiljo Sijbrandij hat snein de frije formaasjepartij yn Doanjum op har namme skreaun. Yn in spannende finale waard mei 5-5 en 6-4 wûn fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra.
De lytse preemje wie foar Hilda Tjepkema, Leonie van der Graaf en Bianca van der Veen.