'Belibje it wer'-koffers moatte gefoel fan eartiids werombringe

07 mrt 2019 - 11:37

In âld boek of âld boartersguod. It kin samar wêze dat je wolris guod tsjinkomme dat oantinkens opropt. Mei dat idee hawwe se by de Afûk fjirtich koffers mei guod folle, dy't de tiid fan eartiids wer werombringe moatte. Yn wensoarchsintrum Bennema State yn Hurdegaryp wurde tongersdeitemiddei 14 fan dizze temakoffers foar âldereinsoarch en -deibesteging yn gebrûk naam.

Koffers mei âld guod

Yn de koffers mei de namme 'Belibje it wer' sitte werkenbere saken foar de bewenners, dy't it gefoel fan eartiids werombringe moatte. De koffers ha ferskate tema's. It giet bygelyks om tema's lykas hânwurk en moade, skoalletiid en reedride. Neist werkenber materiaal sitte der praatplaten en boeken yn de koffers en der is ek digitaal- en byldmateriaal beskikber.

Bauke Deelstra yn petear mei Douwkje Douma fan Afûk

Koffer mei tema skoalletiid - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

'Belibje it wer' is makke yn gearwurking mei de Friese Poort en meiwurkers fan soarchgroep Hof en Hiem en Leppehiem.

Bauke Deelstra yn petear mei Petra Brander by in Alvestêdetochtkoffer

(Advertinsje)
(Advertinsje)