Bekladding op hûs PVV'er Graansma

07 mrt 2019 - 10:47

De wente fan it hûs fan PVV'er Harrie Graansma yn Boelensleane is bekladde. De teksten wize nei syn 19-jierrige soan Jeffrey Graansma, dy't ek op de list foar de PVV stiet by de provinsjale ferkiezingen.

PVV-lieder Geert Wilders makke melding fan de bekladding op twitter. 'Stap op Jeffrey, denk zelf na', stiet der ûnder oare te lêzen op de muorre. De PVV yn Fryslân docht oanjefte.

(advertinsje)
(advertinsje)