Ekstra stroomkabels foar sinne-kapasiteit It Amelân

07 mrt 2019 - 10:27

Netbehearder Liander leit de kommende tiid ekstra stroomkabels oan tusken Holwert en Dokkum om it groeiende oanbod sinne-enerzjy fan It Amelân ôffiere te kinnen. Op it eilân wurdt hieltyd mear sinne-enerzjy opwekt, safolle sels dat de kapasiteit fan it ferdielstasjon yn Holwert net mear foldocht.

Foto: Omrop Fryslân

De kommende perioade wurde twa 20-kilovoltkabels oanlein tusken Holwert en Dokkum. Dizze kabels binne goed tsien kilometer lang. Ek wurde de elektrisiteitsstasjons oanpast en útwreide. Yn Dokkum wurdt it stasjon ek útwreide om nije sinneparken op de fêste wâl oanslute te kinnen.

De wurksumheden nimme ien jier yn beslach en moatte healwei 2020 klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)