Lennie op staazje by de provinsje: mei it fjild yn

07 mrt 2019 - 17:03

Op 20 maart binne de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. Dan kinne we stimme foar in nij provinsjaal bestjoer. Foar in soad minsken is it eins net dúdlik wat de provinsje docht. Der is ek net folle streekrjochte kommunikaasje tusken provinsje en boarger. Dêrom rint ferslachjouwer Lennie Bronsveld in wike lang staazje by de provinsje.

Dei 4: Njonken Steateleden, deputearren en de kommissaris fan de Kening wurkje der fansels ek noch in hiel soad amtners by de provinsje. Sy stypje Deputearre Steaten. Foar it grutste part fan de amtners betsjut dat kantoarwurk. Mar guon geane ek it fjild yn, of wurkje eins allinne mar bûtendoar.

Jetze Genee is projektlieder agrarysk natuerbehear. Tachtich prosint fan de tiid sit hy op kantoar, mar hy giet ek wol it fjild yn en Lennie Bronsveld mocht mei.

(advertinsje)
(advertinsje)