Kollum: "Staveringshifker II"

07 mrt 2019 - 08:52

"Ja! Myn leavelingsûnderwerp wie juster yn it nijs: de Fryske Staveringshifker! Der wurdt wurke oan Fryske spellingskontrôle - pardon, staveringshifker - foar Microsoft Office! Of, sa't Omrop Fryslân it tiisdei al brocht: 'Microsoft Office yn it Frysk: net mear benaud foar in flaterke'.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Office wurdt in soad brûkt, sa ûntdutsen se ta harren eigen ferbjustering op it Provinsjehûs, en no wurdt it ienfâldiger as je, en ik sitearje deputearre Poepjes, "it Frysk brûke wolle yn in profesjonele setting." Setting betsjut omjouwing.

Leuk; ik fyn it echt in aardichheid om Frysk te brûken. Office bestiet takom jier tritich jier, en Microsoft is er sels noch net oan ta kaam om Frysk as taal yn harren software te setten. Trouwens, gjin fan de Big Five tech bedriuwen binne der oan ta kaam: Apple, Alphabet (it bedriuw achter Google), Microsoft, Facebook en Amazon; se kinne allegearre net fatsoenlik Frysk. Ja, Google Translate fertaalt nei Frysk. En yn Facebook en Google kinst de systeemtaal op 'Frysk' ynstelle, dat is eat, mar ast dat goed besjochst dan hawwe se miskien hûndert standert wurdsjes oerset. As it yngewikkelder wurdt dan praat Facebook fuortendaliks wer yn in oare taal tsjin dy. Dat klinkt as dy buorman dy't tweintich jier lyn fan út it westen 'heerlijk' nei 'Fryslaaaan' ferhuze, doe trije kursusjûnen Frysk folge hat en elke dei kreas 'oot moon' tsjin dy seit, mar nea in stek fierder kommen is.

De provinsje lûkt der 40.000 euro foar út, om 'in hiel grut bestân mei 290.000 wurden yn it Frysk' te meitsjen. De provinsje wol dat bestân fan 40.000 euro jaan oan Microsoft, in bedriuw mei in beurswearde fan sa'n 850 miljard euro. Ja, ik bin der in bytsje synysk oer, omdat je yn 'e wiken foar de steateferkiezingen altyd mei krekt wat in oar each nei nijs út it provinsjehûs sjen moatte.

Ik tink dat ik it net oerdriuw dat tachtich prosint fan 'e tiid dy't ik mei taal oan 'e gong bin digitaal is, oft it no wat type yn Whatsapp is of in e-mail of in tekstdokumint meitsje. We wurkje mei-inoar al desennia lang mei Word, Outlook, Excel en Powerpoint, en al dy oare apps en programma's fan dy Big Five, en de frustraasje oer dat soks je net even ienfâldich helpe kin mei it Frysk is gigantysk. Alle help is wolkom.

By elke oare telefoan of tablet, moat ik it 'toetseboerd' opnij Frysk leare, wylst ik no net de bêste dosint Frysk bin. 'Hoarndol' wurd ik der fan. Of dit stik meitsje; neidat ik it yn myn bêste Frysk op 'e kompjûter skreaun haw, helje ik it troch de staveringshifker fan Taalweb, en dêrnei sjocht der by de Omrop ek noch immen nei, sadat ik net foar lul stean as dizze tekst op 'e webside fan de Omrop komt.

Wêrom sit Frysk net standert op alle digitale apparatuer. Ik bedoel, it is 2019, en foarich jier is der in Tesla yn in baan om 'e sinne brocht: wat freegje we no hielendal fan se?

"Microsoft stiet dêr hiel iepen foar", seit deputearre Poepjes. Foar in ynspanning fan 'e provinsje, foar in bedrach fan 0,00005 prosint fan Microsofts beurswearde. It is gewoan raar dat se it sels yn dy tritich jier net dien hawwe. De bêste manier om in taal te fermoardzjen is om him stadich bûten gebrûk te stellen. En no moat der provinsjejild efteroan. Mar hawar, it is eat.

Der komt lokkigernôch de lêste tiid wat mear omtinken foar minderheden. It liket as oft we ynsjogge dat pluriformiteit (we sykje hjir in moai Frysk wurd foar) it libben kleur jout en aardich makket, of it no giet om LHBTI-akseptaasje, om gelike behanneling fan froulju en manlju, of om people of colour (sukses, staveringshifker): we krije der aardichheid yn.

Yn 'e komputerwrâld is uniformiteit, it tsjinoerstelde, de hillige standert, mar dy tiid is foarby. No is it tiid foar omtinken foar bygelyks de minderheid dy't graach gewoan Frysk brûke wol. Omdat it in aardichheid is. Dy 40.000 is foar de provinsje ek mar in skeet, dus foarút mar. Better let as net."

(Advertinsje)
(Advertinsje)