De Gezellige Tafel ferbynt de Amelanners

07 mrt 2019 - 08:10

Sa'n 80 Amelanners sille tongersdeitejûn mei inoar ite. Se binne útnûge troch it eilanner inisjatyf De Gezellige Tafel fan de stichting het Amelands Produkt. Dat wol de eilanners tichter byinoar bringe en minsken út in sosjaal isolemint helje. Tagelyk wolle se it iten fan eigen boaiem promoatsje.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

It is de tredde kear dat de eilanners sa byinoar komme. Alle kearen wiene de restauranten útferkocht. De stichting wol der dan ek in twajierliks evenemint fan meitsje. Inisjatyfnimster is Louise Molenaar, sekretaris fan it Amelands Produkt, dy't it plan yntsjinne foar it iepen mienskipsfûns.

Neffens Molenaar is it doel om minsken mei inoar te ferbinen. "Het is voor iedereen op Ameland. Samen een gezellige avond hebben en nieuwe mensen ontmoeten. Je reserveert een stoel, dus je weet ook niet bij wie je aan tafel komt te zitten."

Allerhanne ynstânsjes dogge mei, lykas de gemeente en de doarpshuzen. Frijwilligers helje minsken op en bringe se thús en helpe yn de betsjinning. Sa wurde de kosten leech hâlden. It iten wurdt yn in pleatslik restaurant klearmakke. Der wurde allinnich Amelanner produkten brûkt, lykas ierappels, marfal, seebears, oesters, yochert, bier, tsiis en Amelanner wyld.

Inisjatyfnimster Louise Molenaar wol de Amelanners ferbine

(Advertinsje)
(Advertinsje)